'Nije winkels yn it WTC-gebiet delsette is bouwe foar de leechstân'

26 feb 2019 - 08:20

Winkelromte kreëarje yn it WTC-gebiet by it nije Cambuurstadion is neat oars as bouwe foar de leechstân. Dat seit detailhannelspesjalist Gerrit Sluiskes. Provinsjale Steaten beslút tiisdei of woansdei oer it foarstel om fiif miljoen euro oan it WTC-projekt ta te wizen. "Of ze ernaar luisteren, weet ik niet."

Leechstân yn de Ljouwerter binnenstêd - Foto: ANP

Neffens Gerrit Sluiskes is it gjin goed idee winkels te bouwen yn it WTC-gebiet

Sluiskes die yn opdracht fan Koninklijke INretail ûndersyk. By dizze brânzje-organisaasje binne 5.000 ûndernimmers ferienige en dy hawwe mei elkoar 13.000 winkels. Yn it sintrum fan Ljouwert is de leechstân al heger as it lanlik gemiddelde en boppedat mei der op Winkelpark De Centrale noch 12.000 kante meter oan winkelromte bykomme.

"Als je dan op de Cambuurlocatie ook nog eens 18.900 vierkante meter volbouwt", seit Sluiskes, "weet je zeker dat je drie winkelgebieden krijgt die allemaal heel slecht zullen functioneren. Voeg dan ook geen derde winkelgebied toe. Maar of ze ernaar luisteren, weet ik niet."

Sluiskes fynt dat er sjoen wurde moat nei oft de nije winkels wol nedich binne. "Een nieuw stadion kost veel geld. Men wil graag een deel van de kosten op andere functies laten drukken. Dan zie je vaak, zoals bij AZ, dat er zoveel duizend vierkante meter aan winkels wordt gerealiseerd. Dan kunnen we een deel van de kosten daarop afschrijven, is de gedachte. De vraag is: hebben wij die winkels wel nodig in Leeuwarden?"

Wannear't der winkels boud wurde yn it WTC-gebiet, ûnstiet der leechstân yn Ljouwert, stelt Sluiskes. "Als je daar winkels bouwt, bouw je voor de leegstand. Als dat niet op de Cambuurlocatie zal zijn, zal die leegstand elders in de stad ontstaan."

Trefwurden: 
Cambuurstadion WTC-gebiet
(advertinsje)
(advertinsje)