Der komt ûndersyk nei NVWA-optreden by misstannen yn slachthuzen

Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk nei it optreden fan de Nederlânske Voedsel en Warenautoriteit (NVWA) by misstannen yn noardlike slachthuzen. De opdracht komt fan de sekretaris-generaal fan it ministearje fan Lânbou. Slachterij Vion yn Ljouwert fûn earder dat der sprake wie fan 'willekeur' by de keuring.
It kantoar fan de NVWA yn Utrecht © ANP
Yn in brief oan de Twadde Keamer skriuwt minister Carola Schouten dat it ûndersyk past by in 'zelfkritische toezichthouder'. It eksterne ûndersyk moat dúdlikens jaan oft de NVWA de goede stappen ûndernommen hat by noardlike slachthuzen.
Slachterij Vion iepene ferline jier febrewaris in nije fêstiging yn Ljouwert, mar gie yn maaie al wer ticht. Der moasten technyske saken oanpast wurde, neffens it NVWA. De doarren fan de slachterij wiene sa'n fjouwer moannen op it slot. Medio septimber gie it bedriuw wer iepen.