Supporters roppe antysemistyske leuzen, moanne sluting driget foar kafee Ljouwert

25 feb 2019 - 22:25

Der driget in moanne sluting foar kafee Het Gouden Pilsje yn Ljouwert. Boargemaster Crone ferwyt de meiwurkers fan it buertkafee dat se net optreden hawwe tsjin in groep AZ-supporters doe't dy antysemityske leuzen rôpen.

Michel Bouwmeester fan Het Gouden Pilsje lêst de brief fan de gemeente - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Dat barde op snein 27 jannewaris doe't in groep fan sechstich of santich man út Alkmaar ûnferwachts yn it buertkafee oanstuts om dêr op grut skerm de wedstriid Feyenoord-Ajax te sjen. Fan it barren is in filmke makke dat al gau omraak besjoen waard op ynternet.

Crone: Kastlein hat syn ferantwurdlikens net naam

Neffens de boargemaster gie it om 'Discriminerende en antisemtische, strafbare spreekkoren'. En dat de kastlein en syn personiel 'In het geheel geen verantwoordelijkheid heeft genomen voor de openbare orde en veiligheid en/of beheersing van de situatie ter plaatse.'

Kastlein: "Ik hearde letter pas wat se krekt songen"

Neffens kafeebaas Michel Bouwmeester fan Het Gouden Pilsje hawwe se krekt besocht om de boel del te bêdzjen en dat is goed slagge. Boppedat soene se pas letter, fia it filmke, heard hawwe wat der krekt songen waard. Teksten dy't Bouwmeester ynhâldlik folslein ôfwiist.

"Selde leuzen op strjitte, mar plysje grypt net yn"

Fernuvering is der by de minsken fan Het Gouden Pilsje ek oer it feit dat sy it ferwyt krije, wylst der net oer de plysje praat wurdt. Op it momint dat de AZ-supporters troch de plysje werom begelaat waarden nei harren bus, waarden op strjitte deselde leuzen roppen. De plysje hat doe likemin yngrypt, neffens Bouwmeester.

Crone: "Earder ek al ynsidint yn dat kafee, dêrom no sluting"

Dat der fuortendaliks in moanne sluting driget, komt om't yn oktober ek al ris in ynsidint by datselde kafee west hat, seit boargemaster Crone. No woansdei sil Bouwmeester yn petear mei de gemeente, yn de hope it foarnommen beslút te kearen.

Kastlein Michel Bouwmeester fan Het Gouden Pilsje fertelt wat der barde

(Advertinsje)
(Advertinsje)