Jong Hearrenfean wint fan leechfleaner Jong Dordrecht

25 feb 2019 - 21:48

Nei de grutte oerwinning op Achilles '29 fan twa wiken ferlyn (7-0), hat Jong SC Hearrenfean moandeitejûn opnij wûn. Mei 3-1 wiene se thús te sterk foar Jong FC Dordrecht, dy't sûnder punten wer op hûs oan moasten.

Foto: SC Hearrenfean

Hearrenfean, dat maklik skoart, kaam ek tsjin Dordrecht op foarsprong. Progon Maloku makke der nei 29 minuten 1-0 fan. Mei dy stân giene de ploegen de rêst yn op Sportpark Skoatterwâld. Yn de twadde helte wie Maloku opnij dejinge dy't skoarde: yn de 61e minút sette er de thúsploech op in 2-0 foarsprong.

Let yn de wedstriid die FC Dordrecht noch wol wat werom troch in doelpunt fan Ritchie Zinga: 2-1. Yn blessueretiid smiet Jesse Oliekan de wedstriid op slot troch yn de 92e minút de 3-1 te meitsjen en dêrmei ek de einstân te fêst te stellen.

Jong SC Hearrenfean stiet no mei 9 punten út 4 wedstriden op it fjirde plak. Takom wike spilet Jong SC Hearrenfean yn Deventer. Dan nimme se it yn de útwedstriid op tsjin Jong Go Ahead, dat nei trije wedstriden noch net ferlern hat. De wedstriid sil spile wurde op 4 maart. It begjint om 18.30 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)