SGP-listlûker De Jong: "Gjin froulju op de list haw ik gjin muoite mei"

25 feb 2019 - 20:43

"Dat der gjin froulju op de list stean, haw ik gjin muoite mei." Dat seit SGP-listlûker Haaije de Jong yn It Polytburo. Hy besiket mei syn partij yn Provinsjale Steaten te kommen.

"Ik kin my net heuge dat der minsken wegere binne foar de list en ek net dat froulju harren oantsjinne hawwe. Wy hawwe in partij dy't yn myn belibbing de doar net tichtsmiten hat foar froulju", giet De Jong fierder.

De Jong siet sechstjin jier yn de gemeentepolityk foar de ChristenUnie. Noch net sa lang ferlyn makke er de oerstap nei de SGP.

Foto: Omrop Fryslân

No wol yn de steaten?

De Staatkundig Gereformeerde Partij krige by de lêste Twadde Keamerferkiezings goed 3800 stimmen yn Fryslân. Dat wie net genôch foar in sit yn Provinsjale Steaten, want dêrfoar moasten se yn 2015 noch 6100 stimmen hawwe. Der moatte dus noch aardich wat ekstra minsken op de SGP stimme om de partij yn de steaten te krijen.

Stimmen fan oare kristlike partijen

It risiko bestiet ek dat de SGP stimmen ôfsnobje sil fan CDA en Christen Unie, de beide oare kristlike partijen yn Fryslân. Mei de Christen Unie hie de SGP yn it ferline in gearwurking.

Op woansdei 20 maart mei hiel Fryslân wer nei de stimbus om de nije leden fan de Provinsjale Steaten te kiezen. Mar wêr giet dy provinsje eins oer en wat docht dat bestjoer? En wichtiger noch: wat binne, neffens de Friezen, saken dy't it nije bestjoer as earste oanpakke moatte soe? Omrop Fryslân jout in ynsjoch yn de ferkiezingen dy't foar Fryslân fan grut belang binne.

Alle ynformaasje stiet op ús pagina oer de ferkiezingen.

(advertinsje)
(advertinsje)