Snits kriget twadde 'tienerschool' foar bern fan 10 oant 14 jier

25 feb 2019 - 20:13

Snits kriget der in twadde tienerschool bij. De nije ûnderwiisfoarm foar bern fan 10 oant 14 jier wurdt opset troch de stichting Palludara en de stichting CVO. Doel is om de oergong fan basisûnderwiis nei middelber ûnderwiis makliker te meitsjen. Ferline jier sette it RSG yn Snits al mei in tienerschool út ein en dizze nije komt by it Bogerman.

Gjin fakken, mar projekten

Neffens Palludara en CVO moat de nije ûnderwiisfoarm derfoar soargje dat bern mear feardichheden oanleard krije en mear eigen ferantwurdlikens. De gewoane lessen en fakken ferfalle. Dêrfoar yn it plak gean de bern oan de slach mei projekten. Dêrby wurde ferskate feardichheden kombinearre, lykas ûndersyk dwaan, it brûken fan it Frysk en presintaasjes jaan.

Foto: Google Streetview

Nei foarbyld fan Ridderkerk

Palludara en CVO binne nei eigen sizzen al trije jier dwaande om te ûndersykjen hoe't se it ûnderwiis fernije kinne. Se hawwe dêrfoar it hiele lân troch west om te sjen hoe't soks op oare plakken al bart. De nije tienerschool sa't dy no by it Bogerman komt, is basearre op hoe't se no al dogge yn Ridderkerk.

Stipe fan ministearje

Der binne noch net folle 10-14 skoallen yn Nederlân. It giet mei-inoar om sawat tritich. Dat dêrfan no twa yn Snits sitte, is wat dat oanbelanget opmerklik. De kâns is grut dat der yn de takomst noch mear bykomme om't de ûntwikkeling fan dizze nije ûnderwiisfoarm stipe kriget fan it ministearje.

Begjin takom skoaljier los

De nije tienerschool yn Snits moat begjin takomend skoaljier los gean. Mei hoefolle bern oft dat barre sil, moat yn de kommende moannen bliken dwaan.

Trefwurden: 
ûnderwiis Snits tienerschool
(advertinsje)
(advertinsje)