Skries Amalia is der wer: "It is krekt as moast it sa wêze"

25 feb 2019 - 19:52

"It is puer tafal. Justermiddei haw ik mei de frou efkes te fytsen west. Ik woe efkes sjen hoe't it lân derby leit, hoe't Natuermonuminten dêr wetter op brocht hat. It is wol apart dat er hjoed oankaam is. Krekt as moast it sa wêze." Dat seit Auke Stremler oer de skries Amalia dy't no al werom is yn Fryslân.

Rennie en Auke Stremler mei tusken harren yn Jetze Genee - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

App-groep: Amalia is der wer

Amalia hâldt ta yn in plasdrasgebiet fan Natuermonuminten by Britswert. Auke en Rennie Stremler beheare dat gebiet. Fan 't wykein hiene se al efkes sjoen dat it gebiet der prachtich by lei nei't der wetter opbrocht wie. Foar't se lykwols op de website seagen hoefier oft Amalia eins wie, ferskynde yn de app-groep de earste melding dat er der al wie.

Stjoerderke

De bekende skries is mei help fan in stjoerderke te folgjen. De 'kening fan de greide' is fjirtjin dagen earder werom yn Fryslân as oare jierren. Dat is op 'e nij in bewiis dat de maaitiid dit jier wol hiel betiid is.

Neffens projektlieder Jetze Genee fan it provinsjaal agrarysk natoer- en lanskipsbehear groeit de belangstelling fan boeren foar plasdrasbehear en dat is goed is foar de greidefûgels. It betsjut lykwols noch net dat de oantallen tanimme. "Earst mar ris stabilisearje yn en om de natoerlik behearde gebieten. Dat soe al moai wêze", neffens Genee.

De iene Amalia is de oare net

In breed misferstân is dat de skries neamd is nei prinses Amalia. De namme is basearre op it gebiet dêr't er winters ta hâldt: Santa Amalia yn de Spaanske regio Extramadura, op sa'n 2000 kilometer fan Britswert. Wachtsje op aaien fan Amalia hat ek net folle doel, want oars as oft de namme tinken docht, is Amalia gjin wyfke mar in hij-ke....

Amalia is werom

(Advertinsje)
(Advertinsje)