Mear gearwurking smyt jild op

Om jild te besparjen moatte de provinsje, gemeente en wetterskip better mei-inoar gearwurkje. Dat fynt de PvdA-fraksje yn Ljouwert. De provinsje kin better de hannen ynien slaan mei de oare Fryske oerheden, as mei de provinsjes Grinslân en Drinte - lykas no de bedoeling is.
Alle trije oerheden ha te krijen mei besunigings, dy't better opheind wurde kinne as de 2000 amtners fan de haadstêd, provinsje en wetterskip it wurk mienskiplik oppakke. De PvdA-fraksje tinkt dat sa wurkgelegenheid foar Fryslân behâlden bliuwe kin.