Project Rembrandt-aventoer hâldt op foar Dick Kamstra fan Marsum

25 feb 2019 - 17:16

Project Rembrandt is klear foar amateurskilder Dick Kamstra fan Marsum. Sneintejûn wie yn it tv-programma te sjen dat hy út it programma wei moast. De ôfrûne wiken koene we him folgje yn de syktocht nei de bêste amateurskilder fan Nederlân. We seagen him groeien en dat seach de sjuery ek. Dat wie ek de reden dat er hieltyd bliuwe mocht. Mar no moast er dochs nei hûs.

Foto: Ruben Timman, nowords.nl

"Ik wist al een tijdje dat ik eruit lag. Ik kan het nu eindelijk zeggen. Wat dat betreft, is het een opluchting. Maar het is jammer dat ik er niet meer bij zit", fertelt Kamstra. Hy krige in soad reaksjes, online en op strjitte. Dêr moast er oan wenne, mar hy fûn it wol moai.

It sjuerykommentaar

"Je wil een kijker overtuigen en doen geloven dat we kijken naar een weerspiegeling van jouw geliefde. Ik heb het idee dat we nog steeds naar verf kijken. Daardoor denk ik dat je portret te hard wordt."

Kamstra is it wol iens mei it kommentaar. "Het lukte gewoon niet die dag. Het waren twee draaidagen achter elkaar. De draaidagen duurden 12 uur. En ik had griep. Ik kreeg het gewoon niet voor elkaar."

Dick Kamstra

De skilder sjocht mei in goed gefoel werom op it programma. Hy hat in soad leard en fûn it in moaie ûnderfining. "Het jammere van dat je eruit gaat, is dat je geen les meer krijgt. Dus dat moet ik ergens anders gaan oppakken. Ik vond het fantastisch om te doen!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)