Ofslútdyk wer ticht foar ferkear: Rykswettersteat giet fierder mei testen

De Ofslútdyk is de kommende twa jûnen en nachten op slot, sadat Rykswettersteat fierder kin mei it testen fan de brêgen. De Ofslútdyk is dan fan 22.00 oant en mei 05.00 oere ticht foar al it ferkear op de A7.
© ANP
Ferline wike wie de Ofslútdyk ek al trije nachten ticht. Doe die Rykswettersteat ûndersyk by de Lorentzbrêgen, no giet it om de Stevinbrêgen.
"Het gaat om het testen van de bruggen om te kijken of ze doen wat ze moeten doen en te ontdekken waar precies het probleem zit", fertelt Sylvia de Bres fan Rykswettersteat. "We weten dat er af en toe problemen zijn, maar niet waardoor die problemen ontstaan. Uit de informatie die we vergaren, kunnen we kijken wat we moeten aanpassen in het systeem."

Ekstra reistiid

Ferkear moat yn dizze jûnen en nachten omride. Dat kin ekstra reistiid opsmite fan in oere, meldt Rykswettersteat.

Hinder foar skipfeart

Ek it skipfeartsferkear moat rekken hâlde mei hinder. Boaten kinne net troch de slûs fan Den Oever. Wol troch de slûs fan Koarnwertersân.

Ekstra kamera's

Rykswettersteat hat de ôfrûne tiid ekstra kamera's pleatst om de draaibrêgen yn de dyk feiliger te meitsjen. De brêgen hawwe de lêste jierren wol gauris te kampen mei steuringen yn de bestjoeringssystemen. Dy nije apparatuer wurdt de kommende tiid test en dêrom is it nedich dat de dyk tydlik op slot giet.