Untknoping maratonseizoen is 'Wedstriid fan de Wike'

25 feb 2019 - 17:02

Wint Manon Kamminga it maratonklassemint? Kin Crispijn Ariëns noch foarby Sjoerd den Hertog? En soe Merel Bosma noch in poadiumplak feroverje kinne? Sneon falle de besluten yn it maratonreedriden. Dan wurdt de lêste wedstriid fan de KPN Marathon Cup ferriden yn de Ljouwerter Alvestêdehal. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

By de froulju wûn Irene Schouten alle wedstriden dy't se oant no ta riden hat. "Mar dochs stiet Kamminga boppe-oan yn it klassemint", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Dat komt om't Schouten meardere wedstriden mist hat, trochdat se ek op de langebaan aktyf wie. Dêrtroch stiet Kamminga der it bêst foar." Twadde stiet Imke Vormeer en Schouten stiet tredde.

Tuskenstân klassemint KPN Marathon Cup

1. Manon Kamminga 230,2 punten
2. Imke Vormeer 201 punten
3. Irene Schouten 185,7 punten
4. Merel Bosma 184,1 punten
5. Iris van der Stelt 171 punten
Manon Kamminga yn it oranje liederspak - Foto: Orange Pictures

Den Hertog is de lieder fan it klassemint by de manlju. Efter him beset Ariëns it twadde plak. Tredde stiet Mats Stoltenborg. Opfallend is dat de earste rider fan de Royal A-ware-ploech, fan coach Jillert Anema, pas werom te finen is op it sânde plak. Dat is Bob de Vries.

Tuskenstân klassemint KPN Marathon Cup

1. Sjoerd den Hertog 265,3 punten
2. Crispijn Ariëns 222 punten
3. Mats Stoltenborg 209,1 punten
4. Gary Hekman 163,3 punten
5. Robert Post 157,2 punten
Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)