Fytser rekket slim ferwûne by oanriding op de N354

25 feb 2019 - 16:40

By in ûngelok op de N354 by Easterwierrum is moandeitemiddei in fytser slim ferwûne rekke. De fytser stuts de dyk oer op de krusing mei De Dille en waard skept.

Foto: Anton Kappers

Hy is swierferwûne ôffierd nei it sikehûs. Der wie ek in traumahelikopter oproppen, mar dy waard annulearre.

It ferkear stiet yn beide rjochtingen fêst en wurdt fia de paralleldyk omlaat.

Noch in ûngelok

Earder op de dei barde der ek al in ûngelok op de N354. Nei it ûngelok mei fytser barde der in tredde ûngelok. Doe't de helpferlieners oanwêzich wiene en it ferkear omlaat waard, klapten trije auto's op elkoar yn de file dy't ûntstien wie.

Ien fan de belutsenen is troch it ambulânsepersoniel behannele.

(advertinsje)
(advertinsje)