Plysje bout moardkeamer nei om ljocht te krijen yn ûnoploste saken

25 feb 2019 - 16:35

De plysje wol nije techniken ynsette om âlde saken op te lossen. Sa wolle se it plak dêr't bygelyks in moard dien is, neibouwe in in spesjale romte. Dy wurdt in 'plak-delikt-keamer' neamd.

"By âlde saken is it sa dat fan it plak delikt faak neat mear oer is. Wy besykje no mei hjoeddeistige techniken werom te gean yn 'e tiid, sadat we mear te witten komme kinne", seit Jitcia Tamminga, koördinator fan it Coldcase-team Noard-Nederlân.

Tsien saken

Yn Fryslân binne op dit stuit tsien saken dy't troch it Coldcase-team Noard-Nederlân ûndersocht wurde. Yn seis gefallen dêrfan giet it om moard of deaslach, lykas de saak fan Fokko Werkman fan De Haule yn 2003 en Simone de Laat fan Ferwert yn 1989. Dêr sitte trije sededelikten by en ien fermissing: Sicco-Jan Cuperus fan Ljouwert dy't op 9 juny 2014 samar ferdwûn.

Sicco Cuperus op de ColdCase-kalinder - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust

Nije tips

It coldcase-team is foar in grut part ôfhinklik fan nije tips. Ek dit jier is der in coldcase-kalinder mei 52 ûnoploste saken. Twa dêrfan hawwe him ôfspile yn Fryslân. Der binne yntusken alwer tips binnenkaam. "Oft dêr brûkbere tips by sitte, kin ik noch net sizze. It duorret faak wat langer om dat út te sykjen", seit Tamminga.

DNA

It oplossen fan âlde, slimme delikten mei in coldcase-team fynt plak sûnt de jierren '90. Mei nije DNA-techniken wurdt de kâns om de dieder te pakken te krijen hieltyd grutter. Yn Nederlân binne alve sokke coldcase-teams dy't mear as 1700 saken besykje op te lossen. Yn Noard-Nederlân giet it om 32 saken: tsien yn Fryslân, achttjin yn Grinslân en fjouwer yn Drinte.

Trefwurden: 
Drachten coldcase
(advertinsje)
(advertinsje)