Cambuur wint fan DTD

Cambuur hat de earste oefenwedstriid fan it seizoen mei 9-1 wûn fan sneins twaddeklasser DTD. By it skoft wie it 4-0 foar de Ljouwerters. De Cambuurgoals kamen op namme fan Marco van der Heide, Mohammed el Makrini, Vincent Weijl, Oebele Schokker (penalty), Mart Dijkstra, Wout Droste, Melvin de Leeuw, Mark Diemers en Michiel Hemmen.
Cambuur en VVV Venlo hawwe de ûnderhannelings oer in oergong fan Wout Droste staakt. De klups kinne it net iens wurde oer de transfersom. Droste wol graach nei VVV Venlo. Hy wol spylje yn de earedivyzje.