Omrop Fryslân jout wiidweidich omtinken oan ferkiezingen op 20 maart

25 feb 2019 - 15:30

Op woansdei 20 maart mei hiel Fryslân wer nei de stimbus om de nije leden fan Provinsjale Steaten te kiezen. Mar wêr giet dy provinsje eins oer en wat docht dat bestjoer? En wichtiger noch: wat binne, neffens de Friezen, saken dy't it nije bestjoer as earste oanpakke moatte soe? Omrop Fryslân jout ynsjoch yn de ferkiezingen dy't foar Fryslân fan grut belang binne.

Omrop Fryslân jout wiidweidich omtinken oan ferkiezingen op 20 maart

Provinsjale Steateferkiezingen

Wat doch in steatelid? En wat heart by it takepakket fan in deputearre? Fan 4 oant en mei 8 maart rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld staazje by de provinsje yn ferskate funksjes. Op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app is te folgjen hoe't sy it derfan ôf bringt.

Alle listlûkers foar de Steateferkiezingen komme oan it wurd yn it radioprogramma No yn Fryslân. Dêrneist binne op Omropfryslan.nl en de Omrop-app listlûkersportretten te lêzen mei in politike en in persoanlike kant.

Wetterskipsdebat yn Buro de Vries

Yn it radioprogramma Buro de Vries is op snein 17 maart om 12.00 oere in wetterskipsdebat te hearren. De listlûkers fan de ferskate partijen debattearje oer aktuele wetterskipsûnderwerpen om sa de kiezers nei harren kant te lûken.

Listlûkersdebat

Ien dei foar de ferkiezingsdei wurdt op 19 maart yn it Provinsjehûs in listlûkersdebat hâlden. Yn dat debat diskusjearje de listlûkers oer aktuele en Fryske tema's. Dat alles is fan 19.00 oere ôf te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It wurdt om 21.00 en 23.00 oere werhelle.

Utslaggejûn

Op de ferkiezingen, woansdei 20 maart, stean de ferkiezingen de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Mei de opkomstsifers, de stimming by de buro's en jûns in ferkiezingsútstjoering mei de lêste útslaggen. Fan 20.00 oere ôf sjocht Omrop Fryslân op de radio mei gasten werom op de ôfrûne bestjoersperioade en bringt sa gau mooglik de lêste útslaggen, de reaksjes dêrop, wat de útslach fan de ferkiezingen betsjut en hokker konsekwinsjes it hawwe kin. Om 22.00 oere is dat ek te folgjen op telefyzje.

Neiprate

De oare deis binne yn it radioprogramma 'Fryslân fan 'e moarn' de reaksjes op de útslach te hearren en leit polityk ferslachjouwer Andries Bakker út wat it betsjut. Dêrnjonken is Omrop Fryslân live by it moarnsbrochje fan Wetterskip Fryslân, dêr't de útslach fan harren ferkiezingen bekend makke wurde. Ek op telefyzje, yn Fryslân Hjoed, wurdt op 21 maart neipraat oer de ferkiezingen.

Alles oer de ferkiezingen

Alles oer de ferkiezingen is te finen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)