Oanpassen skippen Rykswettersteat kostet 1,4 miljoen euro

25 feb 2019 - 15:11

It oanpassen fan trije nije skippen fan Rykswettersteat, boud by Bijlsma yn Warten, kostet 1,4 miljoen euro. Dat skriuwt De Telegraaf. De skippen kinne net troch it ûndjippe wetter yn de Waadsee en de Iselmar, fanwegen in ûntwerpflater.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

By de bou hat Rykswettersteat de opdracht jûn om wat oan it ûntwerp fan de MPV-30 oan te passen. De kosten dêrfan wiene 1,4 miljoen.

Njonken de djipgong is der ek in probleem mei it sicht. De kapitein op it skip kin net goed by in kraan del sjen, dy't op it dek stiet.

Bijlsma hat de skippen noch net oan Rykswettersteat levere, omdat se op de werf noch wurkje oan in oplossing foar de problemen. Op it stuit wurdt besjoen wat se it bêst dwaan kinne. De ferwachting is dat dat yn april bekend wurdt. Dan wurdt ek bepaald wa't alles betellet.

(advertinsje)
(advertinsje)