Simmerdeis los yn Drachten
It festival Simmerdeis is freedtejûn alwer foar de seisde kear úteinset yn Drachten. It festival wurdt dit jier foar de twadde kear yn it Slingepark hâlden en dat foldocht neffens de organisaasje tige goed.
Ferline jier hawwe der, oer it hiele wykein, 16.000 besikers west. De organisaasje hopet dêr dit jier oerhinne te kommen. Simmerdeis is in teater-muzyk-strjitfestival. Ek foar bern is der in spesjaal programma. It programma is net allinnich yn Drachten mar ek yn de bûtendoarpen fan Smellingerlân.