Hoe giet it mei de keapsnein yn Drachten?

25 feb 2019 - 15:06

Snein 1 july 2018 wie in histoarysk momint foar Drachten en har ûndernimmers. Omdat de kristlike partijen net mear yn it kolleezje fertsjintwurdige binne, krige Drachten lang om let de keapsnein. Hoe giet it no, in healjier letter, mei de keapsnein?

Hoe giet it mei de keapsnein yn Drachten?

De earste keapsnein yn july ferline jier wie daliks in grut sukses. Al prate se yn Drachten sels net fan in keapsnein. "Wy fine dat 'keapje' wat in twingende klank hat. Dêrom ha wy it oer in 'Open Zondag' as wy it ha oer de keapsnein", seit Douwe Blom, ûndernimmer en foarsitter fan de ûndernimmersferiening.

It sukses fan de keapsnein

Op dit stuit is Blom fan miening dat ien keapsnein, op de lêste snein fan 'e moanne, genôch is. Ein jannewaris hat de ûndernimmersferiening dan ek besletten om it tal keapsneinen foarearst net út te wreidzjen.

Yn syn eigen winkel sjocht Blom dat der absolút belangstelling is foar de keapsnein. "Mar," sa seit er, "it is noch net sa grut as de ynkomsten op sneon by ús. Mar it rint aardich." It byld fan it sukses fan de keapsnein is ferskillend.

Sa is Ruth Hut-De Jong, eigener fan in winkel mei frouljusklean, tige entûsjast: "Ik doch it hiel goed op snein. Better sels as op sneon. Myn klanten fine it hearlik dat ik ien kear yn de moanne iepen bin op snein." Nettsjinsteande de reaksjes sjocht Hut it foarearst net sitten om alle wiken iepen te wêzen op snein. "It moat wol spesjaal bliuwe. In feestje. Efkes tegearre deropút. Mar yn de takomst is it net tsjin te hâlden, tink ik."

Alle wiken iepen op snein

Ien fan de ûndernimmers dy't wol alle wiken op snein iepen is, is Sietze Klaver. "Wy sjogge dat der behoefte is by ús klanten om op snein del te kommen. Wy ferkeapje likefolle as op in sneon. Wy ha yn jannewaris in proef dien troch alle wiken op snein iepen te wêzen. Dat is ús sa goed befallen en hat ús sa folle opsmiten, dat we fan maart ôf dat standert dogge."

Trefwurden: 
Drachten keapsnein
(Advertinsje)
(Advertinsje)