Ljouwerter (31) ferkeapet út wraak auto fan eks

25 feb 2019 - 14:39

In Ljouwerter fan 31, dy't út wraak de auto fan syn eks-freondinne ferkocht, moat in wurkstraf fan 80 oeren dwaan en krijt in finzenisstraf fan twa wiken ûnder betingst. Hy moat ek de 1500 euro, dy't er foar de Suzuki krige, oan de Steat betelje.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Ljouwerter hie ein oktober ferline jier de Suzuki Swift fan syn freondinne oan in autohanneler ferkocht. "Dat had ik niet moeten doen", sei er moandei yn de rjochtbank. Hy sei dat er ûnder ynfloed wie fan drugs doe't er de auto ferkocht.

Ferkearsrûzje

De man die mear dingen ferkeard: by in ferkearsrûzje hie er ien in klap jûn. De Ljouwerter sels sei dat er net slein hie, mar dat er treau yn it gesicht joech. Se hiene spul krigen nei't de Ljouwerter hurd op 'e remme traapje moast doe't it slachtoffer it sebrapaad op rûn. In tsjûge sei dat de Ljouwerter fierstente hurd ried.

De ferkochte auto giet werom nei de eigener. Njonken de straffen moat de Ljouwerter him melde by de ferslavingssoarch.

Trefwurden: 
auto wurkstraf rjochter
(Advertinsje)
(Advertinsje)