Plysje slút A32 in skoft ôf fanwege ûndersyk nei mooglik sjitynsidint

25 feb 2019 - 14:15

De plysje hat moandei in mooglik sjitynsidint op de A32 by de provinsjegrins tusken Fryslân en Oerisel ûndersocht. Dêrfoar waard oan 'e ein fan de middei de dyk in skoft ôfsluten. De oanlieding fan de sjitterij soe in ferkearsrûzje wêze.

Helikopter

Moandeitemoarn soe der út in swart bestelbuske wei sketten wêze op in blauwe Citroën nei in ferkearsrûzje. De twa auto's hienen tsjininoar oansitten en rieden doe troch rjochting Wolvegea. De plysje woe it plak fan de sjitpartij noch by deiljocht sjen en sette dêrom de dyk ôf. Der waar ek in plysjehelikopter ynset om it plak te ûndersykjen.

Oanriding

It konflikt wie op de N334 tusken Witte Paarden en de ôfslach Wolvegea fan de A32. De auto dêr't op sketten is, is trochriden nei de ôfslach Wolvegea. De bestjoerder is opfongen troch de plysje en de skansearre auto is fuortsleept. De plysje freget tsjûgen harren te melden.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens
Trefwurden: 
plysje A32 sjitynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)