Koen Haringa wurdt 'cultuurmatchmaker' fan Ljouwert

Keunstners ûntbrekt it trochgeans net oan ynspiraasje. Mar goede finansiering fine, kin noch wolris lestich wêze. Yn hiel Nederlân komme der dêrom saneamde 'cultuurmatchmakers'. Sy helpe kreative geasten by de finansiering fan harren projekten. Yn eltse provinsje sil der ien oan de slach. Yn Fryslân is Koen Haringa keazen foar dizze funksje.
© Afke Manshanden
Mar hoe wurdst eins kultuermatchmakker? Haringa waard frege foar de funksje, om't er al in soad dwaande is mei de doelgroep dêr't it om giet. "Ik ben vooral bezig met festivals, podium Asteriks, de StadsOase, dus ik richt me vooral op de jongere generatie makers", fertelt Haringa.
"Ik ben niet degene die beslissingen neemt over geld, maar ik ga wel een adviserende functie aannemen door een koppeling te maken met een van de fondsen waar het om gaat." Haringa bringt dus keunstners en fûnsen byinoar.
Dat is noch net sa maklik. Lanlik sjoen hawwe benammen de grutte ynstituten de kennis oer kultuersubsydzje wol yn hûs. Foar lytsere ûndernimmers is it dreger. Haringa: "Voor de fondsen levert het ook een interessante situatie op. Ze hebben misschien wel geconstateerd dat de hele culturele sector niet goed in beeld is. Ik denk dat ze dat hiermee beter in beeld krijgen."
Kultuermatchmakker Koen Haringa
Hiphopartysten bygelyks freegje gjin fûnsen oan en fertsjinje harren jild oars. Sa binne se net yn byld by fûnsen. "Fondsen willen graag weten hoe die nieuwe generatie makers werkt", wit Haringa.
Haringa is net bang foar belangekonflikten, om't it benammen syn funksje is om keunstners te advisearjen oer de rûte dy't se ôflizze kinne. Dêrnei mei in oar beslisse oer hokker konsept better is en wa't it jild krijt.