Grutte reekwolken boppe Snits: Steatsboskbehear ferbrânt reid

Grutte swarte reekwolken boppe Snits soargen moandeitemoarn foar in soad konsternaasje. Wat soe der krekt oan de hân wêze? In brân yn in wenning, pleats of fabryk? Neat fan dat alles. It wie inkeld in brânende reidbulte fan Steatsboskbehear.
© Kappers Media
In soad minsken yn Snits hiene lêst fan de reekwolken. "Half Sneek staat blauw van de rook", waard meld op Twitter. Al rap kaam de oarsaak fan de reek foar it ljocht. Steatsboskbehear wie dwaande mei it ferbrânen fan reidbulten.

Draaiende wyn

"Dat moet af en toe", lit in wurdfierder fan Steatsboskbehear witte. "We hadden gerekend op gunstige wind, waardoor niemand er last van zou hebben. Maar toen draaide de wind plotseling. We hebben contact gehad met de meldkamer en de brand toen maar uitgemaakt."
De brânwacht warskôget dat minsken lêst krije kinne as se de reek ynazemje.