Feest yn Drachten: it Drachtster Lyceum bestiet 100 jier

It is feest yn Drachten, want it Drachtster Lyceum bestiet 100 jier. Moandeitemoarn wie de ôftraap fan it jubileumfeest. Learlingen gongen mei flaggen en fakkels troch de strjitten, sadat elkenien wit dat harren skoalle 100 jier bestiet. Ek waard der mei in drone in foto makke fan alle learingen, dy't tegearre op it sportfjild in grut getal 100 foarmen.
Feest yn Drachten: it Drachtster Lyceum bestiet 100 jier
Learlingen rûnen moandeitemoarn troch hiel Drachten mei in fakkel. "Dat wie wol gesellich", laken learlingen út de tredde klasse. Se binne ûnder de yndruk fan it 100-jierrich bestean fan harren skoalle. "Dit is echt bizar. Der binne sa folle leararen en learlingen dy't op dizze skoalle sitten hawwe."

100 jier lyn...

Ea begûn it Drachtster Lyceum mei 34 learlingen en 9 dosinten yn 1919. Yntusken telt de middelbere skoalle mear as tûzen learlingen. Om de jierdei te fieren, wie der moandei folop muzyk yn de kantine. "As jo 100 jier bestean, meie jo in feestje fiere", seit Gerrit Zandbergen, skiednisdosint en organisator.

Echt feest

It echt grutte jubileumfeest begjint nei de simmerfakânsje. Op 5 oktober is der in reüny foar alle âld-learlingen fan it Drachtster Lyceum.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It Drachtster Lyceum bestiet 100 jier