Mear besikers Dokk'em Open Air

29 jun 2012 - 20:20

De sterke line-up fan dit jier lûkt folle mear minsken nei Dokk'em Open Air as oars. Kamen der ferline jier noch goed 2400 minsken nei Dokkum, dit jier binne dat der al 3500.

It festival wurdt dit jier alwer foar de sânde kear hâlden en hat ûnder oare it Sweedske Arch Enemy op it programma. Ek it optreden fan The Gathering is spesjaal. De band spilet sneon yn de âlde setting syn folsleine debútalbum 'Always'. Dokk'em Open Air besiket yn it gat fan Wâldrock te springen, nei't dat festival der in pear jier lyn mei ophâlden is.

(advertinsje)