Skries Amalia al yn febrewaris 'thús'

25 feb 2019 - 11:44

Skries Amalia is wer werom yn Fryslân. De fûgel fleach ôfrûne snein de provinsje binnen en is dêrmei ien fan de earste skriezen dy't werom is yn Fryslân. Amalia is hast 2,5 wike earder yn Fryslân werom as ferline jier.

Foto: Omrop Fryslan, Sytze Pruiksma

De skries Amalia is troch Ryksuniversiteit Grins foarsjoen fan in stjoerder. It bist hat in reis fan hast 4.000 kilometer efter de rêch en sil earst genôch ite moatte om foar in suksesfol briedseizoen te soargjen. De skries briedt al jierren efter inoar yn it natoergebiet Skrins, dat goed geskikt is foar greidefûgels lykas de skries en de tsjirk.

Undersyk nei de skries

Amalia wurdt al jierren lang folge troch ûndersikers fan de Grinzer universiteit. Wittenskippers hoopje sa mear te witten te kommen oer de fûgel en hoe't dizze fûgelsoart it bêste beskerme wurde kin. It giet noch hieltyd net goed mei de skries en de fûgel stiet op de reade list mei biste- en plantesoarten mei Frysk belang fan de provinsje.

Benijd nei de oare skriezen?

Op de webside www.volg.keningfanegreide.nl kinne jo de oare skriezen mei stjoerder folgje.

Trefwurden: 
skries Amalia Skrins
(Advertinsje)
(Advertinsje)