PvdA hat muoite mei Stimwizer fanwege kwestje oer reinbôgeprovinsje

De PvdA hat muoite mei de stimwizer dy't moandeitemoarn lansearre is. Der mist neffens PvdA-listlûker Marijke Roskam in stelling oer Fryslân as reinbôgeprovinsje. Neffens Roskam is de proseduere om dizze stelling yn de stimwizer te krijen, sabotearre troch partijen dy't net oer dit tema diskusearje wolle.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Moandeitemoarn is de webside www.MijnStem.nl lansearre as ôftraap foar de kampanje om minsken op 20 maart nei de stimbus te krijen foar de Provinsjale Steateferkiezingen. Yn de stimwizer kinne minsken oan de hân fan stellingen sjen wêr't harren politike foarkar leit.

Bot teloarsteld

Roskam is bot teloarsteld dat de stelling oer Fryslân as reinbôgeprovinsje net opnaam is yn de stimwizer. It tema hat dit jier in oantal kearen soarge foar opskuor. De mienings binne dan ek bot ferdield oer dit tema.

Te ticht by elkoar

In wurdfierder fan de provinsje seit yn in reaksje lykwols dat de stellingen oer diversiteit en Fryslân as reinbôgeprovinsje net meinaam binne, om't de mieningen te ticht byinoar lizze. "Der is sjoen nei aktualiteit en sprieding fan mieningen, mar op dit ûnderwerp foel der net in soad te kiezen."