Noch fiif Fryske klups yn distriktsbeker

25 feb 2019 - 11:19

Nei de fjirde ronde sitte der noch fiif Fryske klups yn de distriktsbeker. Yn de achtste finale treffe twa fan dy fiif inoar: Broekster Boys en Drachtster Boys.

Foto: www.orange-pictures.nl

Broekster Boys helle de achtste finale troch mei 4-3 te winnen op besite by Marum. De Drachtsters wûnen út by it twadde alvetal fan Harkemase Boys: 2-1. De winnende goal foel fiif minuten foar tiid.

Fan de oare Fryske klups dy't noch yn it toernoai sieten, binne Bûtenpost, Twizel en BCV troch nei de achtste finalen. Bûtenpost wûn thús mei oertsjûging fan Achilles 1894 út Assen: 4-1. Twizel fersloech SDS út Easterein mei 3-1 en BCV wûn mei 3-0 by de sneonsploech fan Snits Wyt Swart.

Ek de sneinsploech fan Snits Wyt Swart oerlibbe de fjirde ronde net: 0-2 tsjin Hoogeveen. LAC Frisia 1883 waard útskeakele troch Helpman (3-2) en Burgum ferlear thús fan Winsum: 0-2.

Utslaggen Fryske teams yn 4e ronde

Helpman (sneons) LAC Frisia 1883 3 - 2
Harkemase Boys 2 Drachtster Boys 1 - 2
Marum Broekster Boys 3 - 4
Snits Wyt Swart (sneins) Hoogeveen 0 - 2
Snits Wyt Swart (sneons) BCV 0 - 3
Burgum Winsum 0 - 2
Bûtenpost Achilles 1894 4 - 1
SDS SC Twizel 1 - 3

Njonken de derby tusken Broekster Boys en Drachtster Boys binne der gjin Fryske klups dy't tsjininoar spylje. Bûtenpost moat yn de achtste finale thús tsjin kompetysjegenoat Flevo Boys. Twizel giet op besite by it twadde alvetal fan Flevo Boys. BCV spilet thús tsjin haadklasser ACV. De wedstriden mei de Fryske klups wurde spile op sneon 2 en tiisdei 5 maart.

Lotting achtste finale (Fryske klups fetdrukt)

Broekster Boys Drachtster Boys
Flevo Boys 2 SC Twizel
BCV ACV
Helpman (sneons) Oranje Nassau Grins
Drenthina VEV'67
Winsum Pelikaan S
HZVV Hoogeveen
Bûtenpost Flevo Boys

Bekertoernoai foar amateurklups

De distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net. Sadwaande is Bûtenpost de heechst spyljende Fryske klup yn dit bekertoernoai.

Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.

Trefwurden: 
fuotbal distriktsbeker
(Advertinsje)
(Advertinsje)