Eastermarder mei drugs op efter stjoer: rydbewiis kwyt
In 22-jierrige man út Eastermar moat it efkes sûnder syn rydbewiis stelle. De man waard sneintemiddei troch de plysje oan de kant setten en kontrolearre op alkohol en drugs.
Ut de test die bliken dat de man ûnder ynfloed fan himp wie. De bestjoerder moast syn rydbewiis foar 24 oere ynleverje.