Hurdrider út Ljouwert rekket rydbewiis kwyt

25 feb 2019 - 10:42

In 23-jierrige man út Ljouwert moast sneintemiddei syn rybewiis ynleverje, nei't er mei goed 120 kilometer yn 'e oere oer de Anne Vondelingwei ried yn syn wenplak. Op dizze dyk is 70 kilometer yn 'e oere de maksimum snelheid.

Hurdrider - Foto: Shutterstock.com

De plysje koe de man oan de kant sette. De Ljouwerter rekke net allinnich syn rydbewiis kwyt, mar moat boppedat in kursus folgje oer ferantwurde autoriden.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert hurdrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)