Ungelok Jouster ferkearsplein

29 jun 2012 - 20:13

In 57-jierrige motorrider út Snits is freedtemoarn ferwûne rekke by in ferkearsûngelok. In 71-jierrige automobilist út Heelweg yn Gelderlân seach de motorrider op it ferkearsplein fan De Jouwer oer de holle en kaam mei him yn botsing.

De motorrider kaam yn de berm ta stilstân en is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. De automobilist kaam mei de skrik frij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)