Soad reek by brân yn loads Drachten

By in brân by Huizinga Schilderwerken yn Drachten is moandeitemoarn in soad reek frijkaam. De brân oan de Gangboord wie útslaand en waard al gau opskaald ta middelbrân.
© Srfotografie
It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is. De brânwacht hie de brân nei in healoerke ûnder kontrôle. Alle meiwurkers wiene gau it pân út.
De Gangboord is ôfsletten foar it ferkear.