Fytster ferwûne yn Drachten

29 jun 2012 - 20:09
Poeisz, Oerfal, Ljouwert - Foto: Robert-Jan Boonstra

In 34-jierrige ynwenster fan Drachten is freedtemoarn ferwûne rekke by in ferkearsûngelok yn har wenplak. De frou stuts mei har fyts de Ringwei oer en hat dêrby nei alle gedachten de auto fan in 39-jierrige automobiliste oer de holle sjoen.

De bestjoerster fan de auto kaam úteinlik tsjin in parkearde auto ta stilstân. De fytster is mei ferwûnings oan de ribben oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)