Politike kopstikken starte ferkiezingskampanje yn Ljouwert

Moandei start de kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezingen op 20 maart. Ferskate kopstikken út de Steaten wiene moandeitemoarn yn Ljouwert dêr't de ôftraap dien waard fan de kampanje. Doel fan de kampanje is om as politike kopstikken tichterby de boargers te kommen. En dat is nedich, want yn ferskate doarpen en stêden tinke se dat deputearre Johannes Kramer in ferneamde reedrider is.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
In ferneamde reedrider; Johannes Kramer kin der wol om gniize. "Ik kin sels ek hiel bêst reedride, mar minsken tinke fêst en seker oan dy oare Kramer. Dat begryp ik ek wol. Provinsjale polityk stiet dochs wat fierder fan de minsken ôf. Mar oer it algemien ha ik oer 'naamsbekendheid' net te kleien."

Wichtige saken

Nettsjinsteande dat in soad minsken de provinsjale polityk net kenne, is it wichtich om te stimmen op 20 maart, fynt Kramer. "Provinsjale polityk giet oer wichtige saken. Tink oan ús greidefûgels, it bioferskaat, it lânskip, moatte dêr noch hegere wynmûnen komme yn Fryslân, de sânwinning. Dêryn kin de provinsje wol deeglik it ferskil meitsje."

Net stinne

Ek Sander de Rouwe fan it CDA wie yn Ljouwert. Krekt lykas Kramer hat hy net oer bekendheid te kleien, fynt er sels. "Minsken kenne my meastal wol as se my sjogge." De Rouwe hat alle betrouwen yn in goeie opkomst op 20 maart. "Fryslân hat in namme heech te hâlden. De opkomst is krekt wat heger as yn de rest fan it lân. Net stinne mar hinne."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Bauke by de start fan de Provinsjale Steateferkiezings
By de kampanje-ôftraap wie in soad muzyk. "Wy dogge it op dizze wize om wat reuring te kreëarjen", seit kampanjelieder Johannes Keekstra. "Om minsken der bewust fan te meitsjen dat de ferkiezingen der oan komme. We ha in muzikale kampanje en de gjalp is 'Stim foar dyn lûd'. Dêr heart muzyk by, op in moai plak: by de stasjonspiano."
En de minsken reagearje entûsjast, neffens Keekstra: "Se fine it ferrassend om hjir muzyk tsjin te kommen. Der rinne minsken om yn jassen fan de partijen en de listlûkers binne hjir mei oare partijgenoaten. Dat sjocht der hiel aardich út, ast hjir gewoan mei de trein reizgest."

Noas yn de politike bûter

Ek polityk ferslachjouwer Eric Ennema fan Omrop Fryslân rint om yn Ljouwert. "Ik fal hjir mei myn noas yn de politike bûter", seit er. "Dêr hâld ik fan. Ik sil thús alle flyers trochlêze. Mar ik doch foaral de Meestemmeter. Dy fyn ik noch folle aardiger as de Stemwijzer, want ik wol witte hoe't partijen de ôfrûne fjouwer jier stimd hawwe. Dat is folle leuker as alles wat se roppe en raze yn de folders, want dat is flauwekul."
It Polytburo mei Eric Ennema en Andries Bakker stiet moandeitejûn ek yn it ramt fan de Steateferkiezingen. SGP-listlûker Haaije de Jong komt del. De útstjoering is moandei om 17.45 oere en wurdt alle oeren werhelle.
Johannes Keekstra, Eric Ennema en Marijke Roskam
Ien fan de listlûkers yn Ljouwert is Marijke Roskam fan de PvdA. "We binne hjir om omtinken te freegjen foar it stimmen", seit se. Noch net om sels stimmen te winnen dus. "It is sa wichtich om minsken witte te litten dat se meidwaan kinne. It is hjir tichteby de minsken. De minsken sjogge even om en sa heart it ek. Net sa heechdravend, gewoan tagonklik."

Folop kampanje

Nei moandei is it noch net dien mei de kampanje, seit Keekstra. "De kommende wiken ha we advertinsjes yn kranten, op de radio en op telefyzje. Fierder binne der debatten mei allerhande partijen rûnom yn de provinsje. En de partijen dogge sels ek fan alles."