Boekhannel Langwar nei 22 jier ticht

25 feb 2019 - 08:35

Noch sa'n twa moannen en dan slút boekwinkel De Boekensteun yn Langwar definityf de doarren. De antikwariate boekwinkel is in begryp yn Langwar, mar nei 22 jier komt der in ein oan. Fanwege sûnensproblemen hâldt eigener Jan Sibbel der mei op. "Ik ga de klanten nog het meest missen."

"Hele dagen in de winkel staan red ik niet meer", sa seit Sibbel. "En dus moet ik er wel mee ophouden. Als dat niet zo was, dan had ik graag nog een paar jaar doorgezet." Mar der binne ek oare redenen om der mei op te hâlden. Sa nimt de konkurrinsje fan ynternet ta.

Gjin wille mear

Ek Sibbel hat der sûnt in pear jier in ynternettak by, mar dat sprekt him eins totaal net oan. "Ik begrijp dat er collega's zijn die überhaupt geen winkel meer hebben. Die staan 's ochtends op om te bekijken wat de bestellingen zijn, stoppen dat in een doos en sturen dat dan op. Daar beleef ik geen plezier aan."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

By Sibbel draait alles om it kontakt mei de klanten, sa seit er. En dat sil er aanst, as de winkel ticht giet, dan ek it measte misse. "Ik zeg altijd dat een boekenwinkel een winkel vol verhalen is. Niet alleen verhalen in de boeken, maar ook in de mensen die er komen. De klanten komen binnen vol met verhalen en ook ik zit vol verhalen."

Nei it goeie doel

En mei dy ferhalen sit it yn de lêste dagen fan de boekhannel yn Langwar wol goed. Alle dagen komme der noch klanten oer de flier en se geane mei doazen fol de doar wer út. En dat moat ek wol, want Sibbel hat noch tsientûzenen boeken foar de ferkeap. "Maar wat ik niet meer verkoop, krijgt ook een mooie bestemming. Dat gaat naar het goede doel. Zo heb ik al een paar dozen vol kinderboeken naar Rotterdam gebracht."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De boekwinkel fan Sibbel yn Langwar is noch oant ein april iepen.

Trefwurden: 
Langwar boekhannel Jan Sibbel
(advertinsje)
(advertinsje)