Bobslider Dennis Veenker tolfde yn fjouwermansbob

De Nederlânske fjouwermansbob mei dêryn Dennis Veenker fan Damwâld is sneintejûn tolfde wurden by de lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn it Kanadeeske Kalgary. Sneon einige Veenker yn de twamansbob noch as trettjinde.
© Viesturs Lācis | IBSF
De Nederlânske bob moast goed in sekonde tajaan op de winners, dy't út Dútslân komme. Yn it klassemint is de Nederlânske fjouwermansbob as tsiende einige.
Dit wie de lêste wrâldbekerwedstriid. Oer twa wiken is yn it Kanadeeske Whistler it wrâldkampioenskip en dan sit it seizoen der op foar Veenker en syn ploechgenoaten.