Kollum: "De Fryske fagina"

"Hasto dyn Fryske fariant foar it wurd 'fagina' al ynstjoerd? Hjir by de Omrop sykje wy in nij Frysk wurd foar de fagina, om' it wurd 'fagina' net sa lekker bekt. Figuerlik, bedoel ik dan. Der moat in leaver wurd foar de fagina komme. Dus ik ha ek ris neitocht.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
By Radio 2 hie dj Ruud de Wild ferline jier al in priisfraach útskreaun foar wa't it moaiste nije wurd betinke koe foar de fagina. Dat waard úteinlik 'poenie'; 'straattaal' foar fagina. Mar dat fyn ik wol sa'n nuver wurd. Poenie docht my tinken oan in famke fan in jier as fiif mei in lolly yn 'e snút, dy't net goed ponny sizze kin. "En Maartje, wat hasto hjoed dien?" En dat sy dan seit: "Poenie ride". Dus poenie wurdt 'm net.
Ik ha ris efkes socht op Google en der binne noch in hiel soad oare straattaal-wurden foar it geslachtsdiel fan de frou. De 'poes' fansels, mar ek conjo, doos en sanchi. Mar it kin noch folle mâler. De flamoes, floppydrive, genotsgleuf, glijhol, kano, klotsdoos, liefdesgrotje, miemel, mossel, muts, oester, preut, pruim, punani, spleet, schacht, schede. En fansels de fariant fan juf Ank fan De Luizenmoeder: de voorbips.
Soest sizze; dêr moat wol wat tusken sitte dat wy 'ferfryskje' kinne. Mar dat falt ôf. It moat nammentlik in wat orizjineler wurd wêze as 'prûm', fyn ik sels. Dat fertsjinnet ús fagina wol. In wurd dêr't wier oer neitocht is. In wurd dêr't hiel Fryslân op lein hat te stinnen. Figuerlik dan.
Nokkerbeantsje foar de klitoris fyn ik sels sa'n tûk betocht wurd. Dat jout presys oan watst der mei kinst. Mar betink dat mar ris foar de fagina. Dan wurdt it al gau 'poppegat' en dat is no net sa'n smaaklike omskriuwing, al sis ik it sels. Boppedat brûkst de fagina foar mear as allinnich poppekrijen.
By ús thús brûke wy foar de bern it wurd 'krúske'. In leaf wurd, fyn ik sels. Mar hoe lang giest dêr mei troch? As se aanst puberje, hoege wy net mear oan te kommen mei it wurd krúske.
Mei oare wurden: it is sa maklik noch net om in nij Frysk wurd foar de fagina te betinken. Oant hjoed kin elkenien syn fariant noch ynstjoere. Moarn wurdt de top 5 bekend makke en woansdei sil op de grutte 'Vaginavond' de winner útroppen wurde. Ik bin benijd.
Jim ferwachtsje no fansels allegear dat ik mýn fariant foar de fagina bekend meitsje sil. Mar ik moat jim teloarstelle. Ik kom net fierder as it Fryske wurd foar 'poes'. Dus myn ynstjoering is 'moarke'. Of is dat it wurd foar in swarte boarre? Kutsoai."