UNIS Flyers winne nei ferlinging en geane as koprinner de play-offs yn

24 feb 2019 - 22:25

De UNIS Flyers ha op de lêste spyldei fan de reguliere kompetysje nei ferlinging mei 5-4 wûn fan Herentals, de nûmer twa fan de BeNe League. It is in belangrike oerwinning, want de Flyers slute sa de kompetysje ôf as koprinner en ha dêrtroch it thúsfoardiel yn de play-offs.

De Flyers yn in eardere wedstriid tsjin Herentals - Foto: Henk Jan Dijks

Al betiid yn de wedstriid kamen de Flyers op efterstân. Mitch Morgan makke de 1-0. Dêrnei besochten de Flyers druk te setten op de Belgen, mar dat smiet net de gelykmakker op. Morgan makke der nei goed tsien minuten spyljen sels 2-0 fan. Kevin Nijland die noch wol wat werom yn de earste perioade: 2-1.

Mei dy stân like ek de twadde perioade te einigjen, mar dêr brocht Preston Shupe dochs feroaring yn. De puck bleau foar Flyers-goalie Idzenga lizzen en de Kanadees wie it skerpst.

Tredde treffer Morgan

Betiid yn de lêste perioade brocht Brent Janssen de spanning werom, op oanjaan fan Marco Postma. Even letter profitearre Herentals lykwols fan powerplay. Mei de manmearsituaasje makke Morgan syn tredde treffer fan de jûn.

Fiif minuten foar tiid brocht Tony Demelinne de spanning wer werom en nochris in pear minuten letter waard it sels hielendal gelyk. Adam Bezak skoarde op oanjaan fan Janssen.

Alles op alles foar thúsfoardiel

Herentals sette dêrnei alles op alles om de oerwinning noch yn de reguliere spyltiid binnen te heljen, want allinnich dan soene de Belgen de lieding yn de BeNe League oernimme.

Dat slagge net en dêrmei wiene de Flyers al wis fan it earste plak yn de kompetysje en dus ek it thúsfoardiel yn de play-offs.

Yn de ferlinging makke Todd Ratchford, lykas woansdei, de winnende treffer foar de Flyers: 5-4.

Yn de BeNe League spylje 12 teams. Sân ploegen út Nederlân, en fiif út België. Nei 22 duels komme de boppeste acht iishockeyteams yn de kwartfinale. Dêryn spilet de nûmer 1 tsjin de nûmer 8, de nûmer 2 tsjin de nûmer 7, ensafuorthinne. Yn de heale finale en de finale is it thúsfoardiel foar it team dat yn 'e kompetysje heger einige is.

De Flyers spylje yn de kwartfinale tsjin Zoetermeer Panters.

Foardat de play-offs fan de BeNe League begjinne, set earst de Final Four om it Nederlânsk kampioenskip útein. Dêroan dogge de fjouwer bêste Nederlânske ploegen fan de BeNe League mei. Yn dat klassemint binne de Flyers dus ek as earste einige.

De earste wedstriid fan de Final Four is op freed 1 maart. It is noch net bekend tsjin wa't de Flyers moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)