Dyk splis nei sprongen wetterlieding yn Easterwâlde
In sprongen wetterlieding yn Easterwâlde soarget foar in soad oerlêst yn it strjitsje De Slatten. Dêr sit in grut gat yn de dyk.
De brânwacht is dwaande it wetter fuort te pompen. Wetterbedriuw Vitens makket it lek ticht. Der kin gjin ferkear oer de strjitte.