Noppert hellet op 'e nij heale finale Players Championship

24 feb 2019 - 20:47

By it sechsde toernoai om it Players Championship hat darter Danny Noppert fan De Jouwer de heale finale helle. Dêryn ferlear er mei 7-4 fan Ricky Evans. Sneon wie de heale finale ek al it einstasjon.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de achtste finale yn Barnsley wûn Noppert mei 6-4 fan Ritchie Edhouse. Dêrnei, yn de kwartfinale, wie John Henderson de tsjinstanner. Noppert wûn mei 6-2.

Dêrnei wie Evans dus te sterk yn de heale finale: 7-4. It toernoai waard, krekt as sneon, wûn troch Gerwyn Price út Wales. Hy fersloech Evans mei 8-4 yn de finale.

(advertinsje)
(advertinsje)