Maarten Loonen yn Ljouwert: belesting op CO2-útstjit tsjin opwaarmjen ierde

24 feb 2019 - 20:12

Om de minsklike ynfloed op de opwaarming fan de ierde te beheinen, moat der belesting op CO2-útstjit komme. Dat seit Maarten Loonen, biolooch en poalûndersiker. Hy wie yn Ljouwert foar in lêzing by Gemma Frisius, de feriening foar waar- en stjerrekunde.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Maarten Loonen

Minder enerzjyferbrûk helpt om it opwaarmjen ûnder de 2 graden te hâlden en dat soe in soad problemen foarkomme. Belesting op útstjit soe oerheden, bedriuwen en boargers fia de beurs bewege om needsaaklike maatregels te nimmen. "Ik verwacht visie en actie van de overheid", seit Loonen. Belesting op CO2-útstjit is dêrby nedich: "Dat mocht aan de klimaattafels niet bepraat worden. Maar laten we dat geld gebruiken om minder CO2 uit te stoten. En we kunnen bedrijven subsidiëren waarvoor het moeilijk is."

It hat neffens Loonen noch in foardiel. "In plaats van dat je het Midden-Oosten miljarden geeft om olie uit de grond te halen en dat dan hier te verbranden in onze auto, is het toch veel mooier als we letterlijk van de zon en de wind kunnen leven? Daarmee voorkom je ook een grote verstoring in de wereld, waarbij landen met olie heel rijk worden en landen zonder niet."

Grutte konsekwinsjes

Loonen docht al 30 jier ûndersyk op Spitsbergen. It is dêr yn dy jierren mear as 6 graden waarmer wurden. It iis fan de gletsjers raant, troch minder iis wurdt it wetter fan de oseaan waarmer en dat fergruttet it opwaarmjen noch wer mear. It hat grutte konsekwinsjes foar minsken en bisten, foar it libben op ierde.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Tritich jier lyn tochten de wittenskippers noch: klimaatferoaring, dêr krije ús bernsbern mei te meitsjen. Letter waard it: ús bern sille it noch meimeitsje. Nó docht bliken dat de ûndersikers it sels, mei eigen eagen, barren sjogge.

Klimaatfertriet

It sjen fan de gefolgen fan klimaatferoaring rekket Maarten Loonen djip. Hy praat sels fan 'klimaatverdriet'. Hy fynt it belangryk om te fertellen oer syn wurk op Spitsbergen, om minsken de juste ynformaasje te jaan.

Maarten Loonen sprekt by Gemma Frisius

(Advertinsje)
(Advertinsje)