Brouwerij Dockum draait sûnder hoarekafergunning

24 feb 2019 - 19:51

Yn de Dokkumer hoarekawrâld wurdt fernuvere sjoen nei de hoarekafunksje fan de nije Brouwerij Dockum oan de Hogedijken. Foar it brouwen fan bier en de detailhannel hat it bedriuw in fergunning, mar net foar de hoarekafunksje fan it bedriuw.

De gemeente Noardeast-Fryslân befêstiget dat de brouwerij gjin hoarekafergunning hat. Wol foar in restaurant. Neffens it gemeentlik belied moat alle hoareka konsintrearre bliuwe yn it sintrum, binnen de bolwurken.

Brouwerij Dockum - Foto: Omrop Fryslân

Jesse Oenema

De eksploitant sil moandei oerlizze mei de gemeente Noardeast-Fryslân. Nei oanlieding fan dat petear sille boargemaster en wethâlders beslute hoe't it fierder moat mei de brouwerij. Pas dêrnei wolle sy reagearje.

Brouwerij Dockum iepene yn septimber 2018 de doarren en it restaurant iepene in pear moannen letter, yn desimber 2018. De gong fan saken falt op, hielendal by Jesse Oenema. Hy hie op itselde plak seis jier lang Adfunture Park Dokkum, mar dat bedriuw rêde it net. Hy is op it stuit aktyf yn de Dokkumer hoareka mei in nije saak.

Jesse Oenema mocht op itselde plak gjin horeka ha - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Oenema hat doetiids gjin hoarekafergunning oanfrege foar syn klim- en boarterspark, omdat de gemeente gelyk dúdlik makke dat dat net mooglik wie. Hy mocht allinnich in kop kofje of fris skinke mei in flaubyt.

Dat wie net de reden wêrom't syn saak fallyt gong, mar it hie it bedriuw wol holpen as der hoareka mooglik wie. Dat der no yn de praktyk sûnder fergunning folle mear mooglik is, fernuveret him: "Yn myn eagen is it de moaiste en tagelyk ek de grutste sûpkeet fan Nederlân."

(advertinsje)
(advertinsje)