Stimhelp by Steateferkiezingen: net de beloften, mar it stimgedrach

24 feb 2019 - 19:05

De saneamde 'meistimmjitter' foar de provinsje Fryslân wurdt moandei lansearre. Dat is in nije online stimhelp dy't kiezers helpe kin om in kar te meitsjen by de Provinsjale Steateferkiezingen fan 20 maart.

Gearkomste fan de Provinsjale Steaten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de meistimmjitter wurde net de beloften út de ferkiezingsprogramma's as basis nommen, mar der wurdt weromsjoen op it stimgedrach fan politike partijen yn de foargeande perioade. Der wurdt gebrûk makke fan foarstellen fan Deputearre Steaten, moasjes en amendeminten dy't yn de foargeande perioade binnen de provinsje oan de oarder kaam binne.

Feangreidegebiet, wynpark, LF2018 en klimaat

Alle grutte ûnderwerpen wêroer't de Steateleden yn de ôfrûne fjouwer jier stimd ha, komme yn de stellingen op de meistimmjitter foarby: fan it feangreidegebiet oant it wynpark by Nij Hiddum-Houw en fan LF2018 oant klimaatmaatregelen. Kiezers sitte by de mjitter eins op de stoel fan in Steatelid.

Troch gebrûk te meitsjen fan in stimgedrach ûnderfangt de meistimmjitter in bekend neidiel fan de tradisjonele online stimhelpen: by in soad kieswizers kinne politike partijen sûnder kontrôle wat roppe, sûnder dat dúdlik is oft der in feitlike ûnderbouwing is fan in bepaald polityk stânpunt.

Twatalich

De meistimmjitter is twatalich. De lansearring is no moandei by de offisjele iepening fan de kampanje 'Stim. Foar dyn lûd' fan de provinsje Fryslân, Dat is op it stasjon fan Ljouwert.

Njonken de meistimmjitter sil ek de 'Kieswijzer' van MijnStem foar de provinsje Fryslân lansearre wurde. De meistimmjitter is ûnder oare yn opdracht fan de provinsje Fryslân ta stân kommen.

(advertinsje)