Wikenlange ynbraakweach geande yn Frjentsjer

24 feb 2019 - 17:50

Al in moanne lang is der in 'ynbraakweach' geande yn Frjentsjer. Benammen yn de wykeinen binne der in protte ynbraken.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Op ferskate plakken yn de stêd is ynbrutsen. Oer it algemien giet it om wenningynbraken, mar heal febrewaris makken ynbrekkers ek klean, skuon en tassen bút yn de Scapino oan de Foarstrjitte.

De ôfrûne fjouwer wiken ha der op syn minst njoggen ynbraken of 'ynbraakpogingen' west yn Frjentsjer. Njonken de Scapino wie dat ek ûnder oare oan de Rinze Werkhovenstrjitte, it Anne Smidtsplein, de Schoener en de Jan Piebengastrjitte.

By ynbraken oan de Skalsumerwei en de Cammingastrjitte binne laptops meinommen. Ek in bankpas mei de pinkoade is stellen.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Frjentsjer
(advertinsje)