Grote Groente Circus yn Ljouwert: 'Restauranten moatte mear grienten brûke'

Restauranten moatte mear mei griente dwaan. Dat is de misje fan Guus Thijssen. Hy reizget mei syn 'Grote Groente Circus' it hiele lân troch om koks út te dagen mei griente te wurkjen. En: om gasten te oertsjûgjen dat fleis net altyd nedich is. Dit wykein struts Thijssen del yn Kafee de Bak yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by it Grientesirkus
Trije Fryske koks gean de útdaging oan om mei griente te sieden. Sjef-kok Willem Schaafsma fan Eindeloos en Proefverlof, Liudger van der Meer fan restaurant Wannee yn Ljouwert en Sander Wever fan Loods op Skylge. De trije manlju fersoargen in hast folslein grientemenu foar de goed fjirtich gasten.

80% griente, 20% fleis

"As je griente goed meitsje, hawwe je gjin fleis nedich", seit Schaafsma. Hy brûkt sels al in skoft in soad griente by syn gerjochten. Dat docht ek Liudger van der Meer fan Wannee: "Wy gean út fan 80 persint griente en 20 persint fleis. Dat is in moaie balâns."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dy balâns fan 80/20 is goed, seit Thijssen, mar wurdt net oeral sa brûkt. "In veel restaurants speelt vlees nog altijd een hoofdrol. Maar met groente kun je zoveel doen. Dat kan een belangrijkere rol krijgen in de menu's. Dat is nu nog niet altijd het geval. Dat kan echt stukken beter."
It is net sa dat Thijssen minsken fan it fleis ôf ha wol: "Nee, absoluut niet. Maar groenten kunnen zo lekker zijn en iets minder vlees eten is goed voor iedereen."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Der is allinnich ien probleem, fernimt Van der Meer: "Minsken binne net gau oertsjûge om foar in folslein grientemenu in soad jild te beteljen, om't se it idee fan it ferline noch altyd foar de geast hawwe. Sa fan dat griente lang op it fjoer stiet. Mar dat is al skoften net mear sa." Dat lit bygelyks Willem Schaafsma sjen. Hy brûkt spitskoal, poddestuollen, paksoi en in bûljon fan basilikum. Schaafsma: "As je dit priuwe, dan misse je it fleis dochs net?"
De reaksjes fan de gasten stypje it oardiel fan Schaafsma. Net ien mist fleis en alle boarden wurde leech wer ôfromme.