Letitia de Jong nei 13e plak yn einklassemint WK Sprint: "Gewoan net goed"
Letitia de Jong is as trettjinde einige yn it einklassemint fan it WK Sprint. De reedrydster fan Feanwâlden sleat har toernoai ôf mei in tsiende plak op de twadde 1000 meter yn in tiid fan 1.16.11.
Letitia de Jong
De Jong hie in goede twadde dei op it WK Sprint. Earder ferbettere harsels al op de 500 meter en ek de twadde 1000 meter wie rapper as dy fan sneon. De goede twadde dei wie lykwols net genôch om har doelstelling te heljen. De Jong hie graach yn de top tsien ride wollen.
"Sportyf besjoen wie it gewoan net goed eins", sei De Jong nei it toernoai. "Ik fyn it hiel muoilik om it altyd krekt goed te dwaan kwa útfiering. It sit der wol yn, want oars ryd ik ek net dy iene ôfstân wol goed", ferwiist se nei de twadde 500 meter.
Kodaira pakt it goud
De wrâldtitel gie nei Nao Kodaira út Japan. Dy stie nei trije ôfstannen al boppe-oan. It sulver wie foar har lângenoat Miho Takagi. Brittany Bowe út de Feriene Steaten pakte it brûns.
Kodaira waard yn 2017 ek alris wrâldkampioen. Bowe pakte twa kear it goud: yn 2015 en 2016. Ferline jier wie de titel foar Jorien ter Mors, mar sy die dit jier net mei.
Einklassemint WK Sprint froulju
# | Rydster | Lân | Punten |
1. | Nao Kodaira | Japan | 149.665 |
2. | Miho Takagi | Japan | 150.050 |
3. | Brittany Bowe | Feriene Steaten | 150.080 |
4. | Vanessa Herzog | Eastenryk | 151.045 |
5. | Jekaterina Ajdova | Kazachstan | 151.180 |
13. | Letitia de Jong | Nederlân | 152.750 |