Wurk oan spoar tusken Ljouwert en Grins leit op skema

24 feb 2019 - 16:41

It wurk oan it spoar tusken Ljouwert en Grins ferrint neffens skema, seit boumanager Rick Valk fan ProRail. Yn Hurdegaryp wurdt der wurke oan in tunnel foar it autoferkear en by Feanwâlden komt in tunnel foar fytsers en kuierders.

Dat wurk hat net allinnich ûnder de grûn konsekwinsjes, mar ek dêrboppe. It spoar moat folslein fernijd wurde en dat smiet foaral snein noch in soad wurk oan de kabels op. Dy moatte der ûnder oare foar soargje dat treinen der feilich ride kinne.

It lêste wurk oan it spoar op snein - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Moandeitemoarn eefkes foar seis oere komt it treinferkear wer op gong. Dat betsjut net dat it wurk al dien is. De tunnels moatte noch geskikt makke wurde foar it ferkear en der sit ek noch in soad wurk yn it ferlingjen fan perrons.

Alles is nedich omdat der aanst mear treinferkear oer it spoar giet. Dêrmei wurdt de ferbining tusken de twa provinsjehaadstêden better.

(advertinsje)
(advertinsje)