Fryske keamerleden nei Londen foar brexit-oerlis

24 feb 2019 - 16:03

Fryske Twadde Keamerleden stappe sneintejûn op it fleantúch nei Londen om mei Britske parlemintariërs te praten oer de brexit.

Harry van der Molen - Foto: ANP

Harry van der Molen oer de besite oan Londen

CDA-keamerlid Harry van der Molen en VVD-keamerlid Aukje de Vries geane mei in delegaasje fan de Twadde Keamer nei Ingelân ta. Van der Molen fertelde dat snein yn it radioprogramma Buro de Vries.

De reis stiet yn it ramt fan in útwikseling tusken it Britske parlemint en de Twadde Keamer yn Nederlân. Se sille mei sawol leden fan it Hegerhûs as it Legerhûs moetsje.

Noch gjin nije brexitdeal

It is al wiken lang spannend yn de polityk fan it Feriene Keninkryk. Takom woansdei soe it Britske parlemint debattearje oer in oanpaste brexitdeal, mar dat giet net troch, waard snein bekend. Der is nammentlik noch gjin nije brexitdeal. De Britske premier, Theresay May, seit dat it wol foar 12 maart barre sil.

Van der Molen hopet dat er mei de Britske politisy noch wat saken oan de oarder stelle kin. Hy wiist derop dat de brexit ek foar Nederlân in grut probleem wurdt. De hannel mei it Feriene Keninkryk is fan grut belang en dat komt troch de brexit ûnder druk te stean.

Buro de Vries wurdt sneintejûn fan 21.00 oant 23.00 oere werhelle op Omrop Fryslân radio.

(advertinsje)