Letitia de Jong ferbetteret har stevich op twadde 500 meter
Reedrydster Letitia de Jong fan Feanwâlden hat in goede twadde 500 meter delset op it WK Sprint yn Thialf. Se waard snein njoggende yn in tiid fan 38.05. Dat is fjouwer tsienden rapper as sneon.
Dat De Jong sels ek tefreden wie, wie dúdlik. Se stuts de hannen de loft yn doe't se oer de streek kaam. De Jong iepene yn 10.59 en koe op de krusing nei har tsjinstanner, Jingzhu Jin út Sina, ta ride.
De ôfstân waard wûn troch Nao Kodaira út Japan yn 37.40. Sy liedt ek yn it klassemint. De Amerikaanske Brittany Bowe waard twadde, Angelina Golikova út Ruslân tredde.
Plakje klommen
Mei har njoggende plak op de 500 meter klimt De Jong ek in plakje yn it klassemint. Se stiet no tolfde. Dat is noch krekt net genôch foar har doelstelling, want se wol yn de top tsien einigje. Letter op snein ride de froulju noch in 1000 meter.
Klassemint nei twadde 500 meter
# | Rydster | Lân | Punten | Efterstân op 1000m |
1. | Nao Kodaira | Japan | 112.185 | - |
2. | Miho Takagi | Japan | 112.770 | 1.17 |
3. | Brittany Bowe | Feriene Steaten | 112.860 | 1.35 |
4. | Vanessa Herzog | Eastenryk | 113.010 | 1.65 |
5. | Angelina Golikova | Ruslân | 113.255 | 2.14 |
12. | Letitia de Jong | Nederlân | 114.695 | 5.02 |