VC Snits set kampioenspûl útein mei oertsjûging

De follybalsters fan VC Snits ha har earste wedstriid yn de kampioenspûl ienfâldich wûn. Op besite by Regio Zwolle waard it 3-0 foar de Friezinnen. De setstannen wiene 25-14, 25-17 en 25-13.
Hester Jasper (argyffoto) © www.dijksfotografie.nl
De bêste seis ploegen fan de reguliere kompetysje pleatsten har foar de kampioenspûl. Dêr siet Snits by, as nûmer trije. De Snitsers waarden kampioen yn 2015 en 2016 en stiene ek yn 2017 yn de finale. Dit jier begûnen se as ien fan de 'underdogs' oan de kampioenspûl, wêryn't Sliedrecht de grutte favoryt is.
Dat de favoriten dit seizoen dochs wer rekken hâlde moatte mei Snits, waard snein dúdlik yn Zwolle. De ploech fan trainer Paul Oosterhof wûn alle sets sûnder al te grutte problemen. Hester Jasper soarge foar alve fan de Snitser punten, Roos van Wijnen foar tsien.