Bob de Vries wint lêste KPN Grand Prix yn Luleå: "Dit maakt een hoop goed"

24 feb 2019 - 21:32

Maratonrider Bob de Vries fan Haule hat snein de winst pakt yn de lêste maraton fan de KPN Grand Prix yn it Sweedske Luleå. Op it teiende natueriis wie er nei 150 kilometer Jouke Hoogeveen te fluch ôf. Gary Hekman waard tredde.

Bob de Vries wint in Luleä

It wie de earste oerwinning fan it seizoen foar De Vries. "Het viel tot nu toe tegen", seit er. "Ik voelde me heel veel wedstrijden goed, maar dat resulteerde nog niet in een zege. Nu wel gelukkig. Dit maakt een hoop goed."

De wedstriid wie swier, benammen troch de hurde wyn. "Die was heel bepalend. En door de dooi was het heel zacht ijs, dat gleed bijna niet. Er finishten maar heel weinig rijders, dus het was echt een zware wedstrijd."

Bob de Vries - Foto: Neeke Smit

Winner fan it einklassemint oer seis maratons op natueriis is Crispijn Ariëns wurden.

Earder op snein pakte Carla Ketellapper-Zielman de winst yn it einklassemint by de froulju, mei in tredde plak in de lêste maraton yn Luleå.

(Advertinsje)
(Advertinsje)